Leraar Fries

NHL Stenden Hogeschool

Kiesto foar Leraar Fries by NHL Stenden Hogeschool dan draachst by oan de moderne kultuer yn Fryslân. Do nimst learlingen mei op aventoer troch de skiednis en fertelst se alles oer de taal en kultuer.

Level
Bachelor
Kind
Educational
Subject
Training and education

More information and registration at NHL Stenden Hogeschool

Description

By ús folgesto in lytsskalige oplieiding. Der is in protte persoanlike oandacht foar dy as studint. By NHL Stenden Hogeschool witte dosinten wa ast bist. Harren doar stiet altyd foar dy iepen. Dyn kânsen op in baan binne goed. Ut ûnderfining witte wy dat elke studint dy't Frysk by ús studearre hat wurk krijt. Fraach en oanbod binne op de arbeidsmerk goed opinoar ôfstimd. Ast foar de hbû-oplieding Leraar Fries kiest, dan kiesto foar in ôfwikseljend stúdzjeprogramma. Fakynhâldike kennis en sosjale feardichheden steane yn dyn stúdzje sintraal. Fan tichtby makkest mei hoe't dyn learlingen har ûntjouwe. Mar ek as dosint ûntwikkelest dysels en bliuwst op 'e hichte fan wat ûnder jonge minsken libbet.

Start dates

Start End Place Price
1 September 2027 31 August 2031 Leeuwarden